Drankrider rydbewiis kwyt

30 nov 2012 - 18:37

De plysje hat freedtemiddei in 62-jierrige drankrider út Grou fan de dyk helle. De man moast syn rydbewiis ynleverje. Omstanners warskôgen de plysje dat de man mei syn auto troch de boskjes by syn hûs riden wie.

De drankrider is meinaam nei it buro. Der wurdt noch sjoen oft de man in alkoholslot yn syn auto krijt.

Trefwurden: 
Grou drankrider boskjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)