Drokke tiid foar makelers

Makelers, hypoteekadviseurs en banken hawwe it op it stuit smoardrok mei minsken dy't foar 1 jannewaris noch in hûs keapje wolle. Mei yngong fan 1 jannewaris moatte jo, as je in hûs keapje, de hypoteek hielendal ôflosse yn tritich jier.
No jilde de âlde, geunstige regels noch. En dat fernimme benammen de makelers, want der binne dizze moanne tweintich prosint mear huzen ferkocht as ferline jier novimber.
André de Jong hiert no noch in wenning yn Terherne, mar net mear foar lang. Hy hat krekt in hûs kocht yn Grou. Lykas in soad oare minsken woe hy beslist foar 1 jannewaris in hûs keapje, om't it takom in stik djoerder wurdt om in wenning te keapjen. De hypoteekregels wurde dan flink oanskerpe. Huzekeapers moatte dan it folsleine bedrach ôflosse, wêrtroch se yn 'e moanne mear kosten hawwe. De Jong is bliid dat it allegearre noch slagge is foar de ein fan it jier.