Akkoart oer ferkeap hierhuzen

30 nov 2012 - 12:29

Wenningboukorporaasje Thús Wonen mei de kommende fiif jier maksimaal 25 prosint fan har wenningen ferkeapje. Dat hawwe Thús Wonen en de gemeente Dongeradiel fêstlein yn in saneamd wenakkoart, dêr't de gemeenteried tongersdei mei ynstimd hat.

Dêrmei hat de gemeente besocht de wenningboukorporaasje yn de lytsere doarpen te hâlden. It akkoart giet yn tsjin de trend dat wenningboukorporaasjes har hieltyd mear weromlûke wolle út de doarpen yn Noardeast Fryslân, in saak dy't foar ridlik wat ûnrêst soarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)