"12 Keapsneinen foar Ljouwert"

30 nov 2012 - 10:02

Ljouwert kin ta mei maksimaal tolve keapsneinen yn it jier. Dat is de útkomst fan in ûndersyk dat de riedsfraksjes fan it CDA, de ChristenUnie en de groep Brakenhoff dien ha ûnder winkellju yn Ljouwert.

It grutste part fan har wiist mear keapsneinen ôf. Dy smite kwalik mear omset op. De gemeente Ljouwert hat ek in ûndersyk dien nei de keapsnein, dêrút kaam nei foaren dat Ljouwert tenei 22 keapsneinen oanhâlde kin. De gemeente wol de winkeltidewet wol oanpasse, mar dêr moat dan wol genoch draachflak foar wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)