Unrêst finzenissen bliuwt

29 nov 2012 - 18:23

De ûnrêst ûnder finzenispersoniel yn Noard-Nederlân bliuwt grut, ek neidat steatssekretaris Teeven tongersdei tasein hat dat hy rekken hâldt mei de krimp yn it noarden.

It ministearje moat 120 miljoen euro besunigje. Yn útlekte plannen stiet dat it kabinet 11 fan de 29 finzenissen slute wol. Neffens Teeven sille net alle finzenissen yn it noarden tichtgean. Hy die gjin útspraken hokker finzenissen iepen bliuwe of ticht moatte. Dermei bliuwt de ûnwissichheid foar de meiwurkers. Yn april sil mear dúdlik wurde oer de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)