Grutte plannen foar kwelder

29 nov 2012 - 17:18

Foar de minsken dy't wat wolle mei de kwelder tusken Holwert en de Waadsee brekt in spannende tiid oan. Behearder Steatsboskbehear hat dizze wike sa'n twa miljoen euro oanfrege út it Waadfûns foar it plan 'Naar Holwerd Buiten'.

Yn dat plan krijt net allinnich de see mear romte, mar ek de minsken dy't de natuer dêr belibje wolle. Sa moat der noch in kuierpaad rjochting see komme en in soarte fan geboutsje dat allinnich by leech wetter te berikken is. En it hinget fan it Waadfûns ôf oft de plannen ek echt trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)