Frou ferwûne by ûngelok

29 nov 2012 - 16:40

In 66-jierrige fytster út Drachten is tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak.

De frou fytste oer de krusing fan de Hurddraversdyk en de Ratelwacht doe't in 61-jierrige automobilist ôfsloech en dêrby de frou oer de holle seach. De frou kaam fia in oare auto op de dyk telâne. Se is mei ferskate ferwûnings nei it sikehûs brocht.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)