Empatec nimt part Halewijn oer

29 nov 2012 - 16:18

Empatec Snits nimt fan 1 jannewaris ôf de produksje- en ferkeapaktiviteiten fan WpT Halewijn yn Marknesse oer. It bedriuw is spesjalisearre yn it ûntwerpen, produsearjen en ferkeapjen fan FSC-goedkarde boarterstastellen en túnmeubilêr.

Empatec sels hat in meubelfabryk dêr't berne- en skoalmeubilêr makke wurdt. Empatec wol de kunde en masines fan de beide bedriuwen kombineare. De produksje wurdt konsintrearre by Empatec yn Frjentsjer. De spullen wurde ûnder de namme Halewijn ferkocht yn Nederlân, Dútslân en België. 

Trefwurden: 
Empatec ekonomy WpT Halewijn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)