Beswieren Jousters fan tafel

29 nov 2012 - 15:39

De Nationale Ombudsman hat beswieren fan bewenners fan de Jouster wenwyk Wyldehoarne ûngrûndearre ferklearre. De bewenners hiene beswier makke tsjin plannen fan de gemeente Skarsterlân om yn de hiele strjitte gersbetontegels te lizzen.

Neffens de bewenners hie in amtner tasein om der gewoane klinkers yn te lizzen. Neffens de Ombudsman hat de gemeente gjin ferwachtings wekt. 

Trefwurden: 
De Jouwer Wyldehoarne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)