Wer minder drank ferkocht

29 nov 2012 - 14:17

Kafees ha opnij minder drank ferkocht. It lêste fearnsjier gie der fiif prosint ôf, docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Dit jier is it tal ferkochte drankjes al mei tsien prosint weromrûn. De omset sakke ek yn, mei goed trije prosint.

Hoarekabreed giet it krekt wat better. De omset gie yn trochsneed mei goed in heal prosint omheech. Dat is benammen te tankjen oan priisferhegings. Hoareka Fryslân sjocht deselde ûntwikkeling hjir ek. 

Dochs bin sy posityf oer de takomst. Horeka-ûndernimmers jouwe oan wer wat fertrouwen te krijen yn de omset sa seit ynterim foarsitter Gerlof Bleeker.

Trefwurden: 
drank ekonomy hoareka omset
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)