Kampeare op de beursflier

In nacht kampeare op de beursflier fan it WTC Expo yn Ljouwert yn in hypermoderne camper, safarytinte of caravan. It is mooglik op de Caravana 2013, yn jannewaris.
De aksje is bedoeld om jild op te heljen foar de Stichting Handicamp. Dy stifting jout minsken mei in beheining de kâns om mei harren gesin op fakânsje te gean. Der kinne online lotten kocht wurde. Twa wike foardat de beurs úteinset wurde de winners lutsen.