Miljoeneplan foar Pharshoeke

De fjouwer eigeners fan fakânsjepark De Pharshoeke yn Heech hawwe in plan klear om it park foar fyftjin miljoen euro wer by de tiid te krijen. Der komme bygelyks folle mear huzen oan it wetter. Hjirfoar moat wol ekstra wetter yn it park brocht wurde.
Fierder komme der apparteminten, hoareka en in kuierbûlevaar oan de Heegemermar. Utgongspunt binne de plannen dy't Atelier Friesland ea foar it wetterfront betocht. Benammen de âldere wenten yn it sintrum fan it park wurde ferfongen.
Der binne no yn it hiele park 66 wenten en dat wurde der 80. Partikulieren kinne de wenten keapje en dan wer ferhiere. Ek is der plak foar in lyts swimbad mei sportfoarsjennings. Wannear't it plan útfierd wurdt, is noch net dúdlik. Dat hinget ôf fan de reewilligens fan minsken om de huzen te keapjen.