VVD'er Doting nei Landsmeer

VVD-steatelid Franke Doting út Drylts wurdt ynterim-wethâlder yn de gemeente Landsmeer. Dy gemeente sit yn in bestjoerskrisis nei in konflikt tusken de boargemaster en de beide wethâlders.
De boargemaster stapte earder al op, de wethâlders - fan VVD en PvdA - binne koartlyn opstapt neidat de gemeenteried it fertrouwen yn se opsein hie. Doting hat fan 2006 oant 2010 wethâlder yn Littenseradiel west, hy bliuwt aktyf as steatelid.