Man bedriget konduktrises

29 nov 2012 - 10:28

Yn de trein tusken Grins en Ljouwert hat woansdeitejûn in man út Feanwâlden twa konduktrises bedrige. De 48-jierrige treinreizger krige wurden mei it personiel en sei doe dat er in fjoerwapen by him hie en dat er dat brûke soe.

Op it stasjon fan De Westereen hat de plysje de Feanwâldster oanhâlden. It die bliken dat hy gjin fjoerwapen hie. De konduktrises hawwe oanjefte dien, de man is fêstset yn de plysjesel. 

Trefwurden: 
plysje bedriging plysjenijs
(advertinsje)