Ljouwerter strjitrôver pakt

Plysjemotor © Omrop Fryslân
Troch in oplettende passant hat de plysje woansdei in strjitrôver oanhâlde kind. De 33-jierrige fertochte út Ljouwert hie op de Skrâns de tas fan in 59-jierrige frou út Ljouwert stellen.
De frou âle om help, wêrnei't in tsjûge de oerfaller efternei gie. Yn syn efterfolging wist er in motorplysje te warskôgjen, dy't de oerfaller by it Suderplein oanhâlde koe.