Arriva-trein bekladde

28 nov 2012 - 18:44

Fandalen ha in nije trein fan Arriva yn de kleuren fan de NS ûnderspuite. De grafitty is yn de nacht fan moandei op tiisdei oanbrocht op it stasjon fan Swolle. Neffens Arriva-direkteur Anne Hettinga kostet it skjinmeitsjen fan de trein seker 40.000 euro. Hettinga ferwachtet net dat dêrtroch de ynfiering fan de nije tsjinstregeling, op 9 desimber, yn gefaar komt. De plysje ûndersiket kamerabylden fan it ranzjearterrein en analysearret de ferve dy't brûkt is.

Trefwurden: 
Arriva trein graffity
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)