Bettere bus- en treinferbining

28 nov 2012 - 16:41

Fan 9 desimber ôf fersoarget Arriva de bustsjinsten yn Noard-Fryslân, yn Súdwest-Fryslân en op Skiermûntseach. De tsjinstregeling wurdt wat oars en hat foaral as doel de oansluting tusken bus en trein te ferbetterjen. Sa soe de masinist yn gefal fan fertraging belje moatte mei de bussjauffeur, sadat er even wachtet.

Yn de simmermoannen wurdt yn de Súdwesthoeke en op it trajekt Ljouwert-Holwert reizgers by wize fan proef tastien om de fyts mei te nimmen. Op de minder rendabele rûtes wurdt yn stee fan de gewoane bus De Opstapper ynsetten.

Trefwurden: 
Arriva fyts Opstapper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)