Prate oer takomst VVV Súdwest

28 nov 2012 - 14:31
  • Jan IJben fan boatferhierder Ottenhome
  • Jaap Wolters en Robert Toussaint fan 'e VVV
  • Karin Veldhuijzen sei har VVV-lidmaatskip op

De toeristyske promoasje fan Súdwest-Fryslân op ynternet moat better. Dat is ien fan de tema's op de jiergearkomste fan de VVV fan Súdwest-Fryslân fan tiisdei. Benammen foar bûtenlanners is it no dreech om goeie toeristyske ynformaasje oer Súdwest-Fryslân op ynternet te finen.

VVV Súdwest-Fryslân is ek drok mei plannen foar eveneminten om mear toeristen nei Heech en oomkriten te lûken. Mar der binne ek bedrigings foar de VVV; de gemeente wol de subsydzje ôfbouwe en guon ûndernimmers hawwe it lidmaatskip opsein.

(advertinsje)