Help foar MKB by ynskriuwen

De wat lytsere MKB bedriuwen dogge faak net mei oan iepenbiere oanbestegingen fan projekten en rinne dêrtroch wurk en ynkommen mis. Europeeske oanbesteging is yngewikkeld en djoer.
De gemeente Ljouwert wol de lokale bedriuwen helpe mei it projekt 'Kennismaking aanbesteding Klein Bedrijf'. Der wurdt foar de kommende trije jier 100.000 euro beskikber steld. Bedriuwen mei maksimaal 50 meiwurkers kinne in berop dwaan op in fergoeding fan 2500 euro per oanbesteging.
Dit jild kin brûkt wurde foar bygelyks it ynhieren fan saakkundigen op it mêd fan iepenbiere oanbestegings.