Ynkassobedriuw AFI oer de kop

De rjochtbank hat it Ljouwerter ynkassobedriuw AFI fallyt ferklearre fanwege finansjele problemen. Dy binne ûntstien omdat it hieltyd dreger wurdt om jild by klanten wei te krijen. Doel is dat it bedriuw oernaam wurdt troch Vesting Finance Incasso, dat docht foarearst ek de wurksumheden fan AFI.
By AFI wurkje 24 minsken. Dy krije ûntslach, mar mooglik kin in part letter by Vesting oan de slach.