Berne-opfang Skylge fallyt

De berne-opfang op Skylge hat it fallisemint oanfrege. De stichting kin it finansjeel net mear bolwurkje, omdat der hieltyd minder bern opfongen hoege te wurden. Dit jier kin it personiel noch betelle wurde, mar fan takom jier ôf slagget dat net mear.
Takom wike wurdt der nei alle gedachten in kurator oanwiisd dy't it fallisemint ôfhannelje moat. Oant dy tiid bliuwe de berne-opfang en de trije pjutterboartersplakken gewoan iepen. Neffens de stichting binne der partijen dy't de berne-opfang oernimme wolle, omdat der gjin skulden binne.