Iisclub byt doarpskafee net

28 nov 2012 - 11:18

De kantine fan iisclub Meiïnoar Ien fan Seisbierrum foarmet gjin bedriging foar kafee De Harmonie yn it doarp. Dat fynt de Raad van State.

De eigener fan De Harmonie tekene earder beswier oan tsjin de hoarekafergunning foar de kantine, dy't de iisclub fan de gemeente krigen hat. Omdat de gemeente net meigie yn it beswier, stapte de eigener nei de rjochter, mar ek dy joech him net gelyk. Dêrop focht er de fergunning oan by de Raad van State. Dy fynt no ek dat de kantine gjin konkurrint is fan it kafee.

Trefwurden: 
iisklup
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)