Famke falt út rút

28 nov 2012 - 09:49

In famke fan ien is tiisdeitemiddei ferwûne rekke doe't se út in rút op de earste ferdjipping fan in hûs oan de Grote Wielenstrjitte yn Ljouwert foel. It famke wie oan it boartsjen yn de finsterbank by it rút, doe't dat troch ûnbekende oarsaak iepen gie. Se foel op 'e grûn en is oerbrocht nei it sikehûs. Hoe slim se der oan ta is, is net bekend.

Trefwurden: 
Ljouwert famke rút
(advertinsje)