Protestdei finzenispersoniel

28 nov 2012 - 07:53

Finzenispersoniel út Noard-Nederlân protestearret woansdei tsjin it útlekte plan fan it kabinet om alve fan de 29 finzenissen yn Nederlân ticht te dwaan. By de alve sitte ek de finzenissen yn Feanhuzen, Ter Apel en Hoogeveen. Fanút dy plakken binne meiwurkers mei bussen ôfreizge nei Den Haach. Dêr praat de Twadde Keamer oer de begrutting fan it ministearje fan feiligens en justysje.

Hoewol't De Marwei yn Ljouwert net by de te sluten finzenissen heart, docht ek dêrfan in lyts groepke personielsleden woansdei yn Den Haach mei oan it protest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)