Roekeprobleem yn Ljouwert

27 nov 2012 - 22:38

De roeken dy't mei sukses ferjage binne by Heemstrastate yn Oentsjerk sitte no yn Ljouwert. Dat docht bliken út ûndersyk fan de gemeente. Neffens wethâlder Isabelle Diks hie de stêd noait in roekeprobleem, oant de buorgemeente ferline jier de roeken mei súkses fuortjage hat. Ljouwert hat no op syn beurt in fergunning krigen om de roeken te ferjeien.

Mei-elkoar binne der ûngefear 20 roekekoloanjes yn de stêd, mar allinnich oan de Valeriusstrjitte, de Ahornstrjitte en de Beukenstrjitte meie de bisten ferjage wurde. De gemeente set net allinnich eigen meiwurkers yn foar it ferjeien, ek jagers en frijwilligers dogge der oan mei, sa is de bedoeling.

Trefwurden: 
Ljouwert roeken jeie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)