Jong It Fean wint fan Grins

27 nov 2012 - 21:46

Jong Hearrenfean bliuwt koprinner yn de earedivyzje fan de beloften. Op Sportpark Skoatterwâld waard Jong FC Grins mei 1-0 ferslein. It doelpunt fan Kenny Otigba, nei in frije traap fan Menno Heerkes, foel al yn de tredde minút. Dêrnei hie Samir Fazli de foarsprong ferdûbelje moatten, mar dat slagge net. Jong FC Grins hie dêrnei mear balbesit, mar die dêr te min mei. Wiene de Grinzers al kânsryk dan stie keeper Jurjan Wouda alle kearen te plak. Twa kear krige er help fan de doellatte. Jong Hearrenfean hat no 12 punten út 5 wedstriden.

Jong PSV, Jong Heracles en Jong FC Utrecht folgje op twa punten.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)