Twa medaljes foar Elzinga

27 nov 2012 - 16:20

Hendrik Elzinga fan Beetstersweach rêde in jier lyn it libben fan Roos van Gulick. Roos wie tegearre mei in freon op de fyts ûnderweis doe't se in epileptyske oanfal krige en yn de sleat bedarre. Troch har epilepsy koe se net sels út it wetter komme. Har freon warskôge doe Elzinga, dy't har út de sleat rêde koe.

Om him te betankjen foar syn heldedied krige Elzinga tiisdeitemiddei twa ûnderskiedings: de brûnzen medalje fan 'e Maatschappij tot Redding van Drenkelingen en de brûnzen legpenning van de stichting Carnegie Heldefûns.

Elzinga is sels beskieden. Neffens him wie it stom tafal dat er op it goeie momint op it goeie plak wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)