Westerwird wol mear plysje

27 nov 2012 - 15:41

De Drachtster wenwyk Westerwird wol mear plysjetafersjoch yn eigen buert. Ofrûne snein waard in 6-jierrich famke op it buertboartersplak troch in man betaaste. Ofûne simmer liet in man syn geslacht oan boartsjende bern sjen. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

It ynsidint fan snein is it gesprek fan de dei yn de wenwyk. De skrik sit der goed yn by de bewenners, benammen omdat it net it earste sededelikt yn de buert is. De plysje is no dwaande mei in grut buertûndersyk. De bewenners wolle no graach mear plysje yn 'e buert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)