Famke (6) ferwûne by ûngelok

27 nov 2012 - 14:10

In famke fan 6 jier út Wolvegea is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. It famke waard op de Heerenveenseweg oanriden troch in 19-jierrige autorider út Wolvegea.

It slachtofferke is mei ûnbekende ferwunings nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Wolvegea
(advertinsje)