Man ferwûne by auto-ûngelok
In automobilist fan Sint Anne is moandeitejûn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De 30-jierrige man ferlear op de N383 by Ljouwert de macht oer it stjoer en kaam yn de berm telâne.
Hy kaam dêrnei op de oare helte fan de dyk ta stilstân. De man hie gjin feilichheidsriem om. Hy is mei rêchklachten nei it sikehûs brocht.