Man fernielt rút plysje-auto

27 nov 2012 - 10:10

In 34-jierrige Snitser hat moandeitejûn in rút fan in plysjeauto fernield. De man waard op de Lemmerwei yn syn wenplak oanhâlden omdat hy dronken wie en him ferfelend gedroech. Yn de plysje-auto sloech de man earst mei syn holle tsjin it rút.

De plysjes hellen de man doe mar út de auto om him del te bêdzjen. Doe't de man op 'e nij yn de auto sitte moast, skopte hy in rút stikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)