Cambuur wint mei 3-1 by FC Oss

26 nov 2012 - 21:54

Cambuur hat de sânde oerwinning fan it seizoen binnen troch mei 3-1 te winnen by FC Oss. Beide ploegen makken der in earmoedige wedstriid fan. It hichtepunt fan de earste helte wie de Cambuurgoal fan Michiel Hemmen. Op oanjaan fan Oebele Schokker kopte de spits yn de 39e minút syn alfde goal tsjin de touwen. In skot fan Martijn Barto waard yn de 79e minút troch Marcel van der Sloot fan rjochting feroare: 2-0 foar Cambuur. Van der Sloot makke syn flater goed troch it fersulverjen fan in frije traap, mar it slotakkoard wie foar Johnny de Vries.

Cambuur klimt troch de winst nei it sechsde plak mei 24 punten út 14 wedstriden. MVV is koprinner mei 31 út 24.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)