Fraachtekens GGZ by besuniging

26 nov 2012 - 16:32

GGZ Friesland wit noch net hoe't de lanlike besuniging fan 17 miljoen euro op de forensyske geastlike sûnenssoarch foar syn organisaasje útpakt. It giet dan ûnder oare om soarch oan útbehannele tbs'ers. De GGZ Nederlân hat moandei mei it ministearje fan Feiligheid en Justysje in akkoart berikt oer de hichte fan de besuniging. Dêrby is ek ôfpraat dat fan 2014 ôf GGZ-ynstellings foar forensyske soarch net langer in fêst bedrach fan it Ryk krije, mar betelle wurde per behanneling. Yn de reguliere soarch wurdt dat no ek al dien.

De oerheid ferwachtet dat troch dizze beleanningsfoarm de soarch goedkeaper wurdt.

Trefwurden: 
GGZ
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)