Soad Fryske restaurants slute
By de Fryske bedriuwen dy't fanwege de krisis ophâlde moatte, sitte dit jier in opfallend soad restaurants. Dat docht bliken út de konjunktuersifers fan de Keamer fan Keaphannel dy't moandei bekend makke binne. De Keamer berekkenet de sifers oer hiel Noard-Nederlân en komt dan op 234 restaurants dy't slute moasten. Hoarekamakeler Henk Hosper fan It Hearrenfean befestiget it byld fan de Keamer fan Keaphannel dat der folle minder klanten komme. Foaral restaurants op it plattelân hawwe it dreech.
Hosper hat de yndruk dat der ûngefear 10 jier lyn ek tefolle restaurants bykaam binne, dy't no twongen wurde op te hâlden. De prizen dy't betelle wurde foar de oername fan in restaurant binne troch de helte gien. Neffens Hosper bliuwt der noch wol fraach fan startende ûndernimmers.