Bettere promoasje Lauwersland

26 nov 2012 - 11:44

Om de regio better te promoaten, wolle de Lauwerslandgemeenten de boel oars oanpakke. De fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân en de trije Grinslanner gemeenten sizze dêrom de oerienkomst mei de VVV Lauwersland op. Dat bart op 1 jannewaris 2014.

Neffens de oanbelangjende gemeenten kin de VVV net goed ynspylje op de nije koers. De Lauwerslandgemeenten sille mei de ûndernimmers yn de regio om de tafel om te praten oer konkrete plannen. It is de bedoeling dat besteande inisjativen en de ûndernimmersnetwurken better op elkoar ôfstimd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)