IIsbûn: gjin jild nei KNSB

It Fryske iisbûn wol neat mear ôfdrage oan reedridersbûn KNSB. It bûn fynt it ûnsin om jild te beteljen oan de KNSB foar it organisearjen fan toertochten. It reedridersbûn spilet dêrby gjin rol en dus is in ôfdracht net nedich, sa seit foarsitter Oostenbrug fan de Friesche IJsbond.
Beide partijen binne al in jier oan it ûnderhanneljen mar komme der mar net út. Oostenbrug fan it iisbûn seit wol in bedrach betelje te wollen oan de KNSB, mar dan al los fan toertochten.