Ekstra jild foar monuminten

© ANP
De provinsje lûkt goed ien miljoen euro ekstra út foar restauraasje en ûnderhald fan monuminten yn Fryslân. Neffens de provinsje is dat in ekstra stimulâns foar de bousektor. Der binne 119 oanfragen binnenkaam foar de subsydzjeregeling foar monuminten. Troch ien miljoen ekstra foar de kategory ryksmonuminten, kin 60 persint fan de oanfragen dêrfoar ynwillige wurde. Foar it ûnderhâld fan ryksmonumintale molens wurdt 2 ton ekstra beskiber steld. Dêrtroch kinne yn dy kategory alle oanfragen honorearre wurde.