Sieraden stellen yn Rie

26 nov 2012 - 10:11

Yn Rie is snein ynbrutsen yn in hûs oan De Rombade. De dieders binne de wenning ynkommen troch in doar iepen te brekken. Ut it hûs binne sieraden stellen. De bewenster, in 68-jierrige frou, fernaam de ynbraak doe't se thúskaam. De plysje is begûn mei in buertûndersyk en giet dêr moandei mei fierder.

Trefwurden: 
sieraden Rie
(advertinsje)