Bepalende wike foar KH2018

26 nov 2012 - 07:51

It is de wike fan de wierheid foar de ambysje fan Ljouwert om yn 2018 kulturele haadstêd te wurden. Freedtemiddei wurdt dúdlik hokker twa stêden trochgeane nei de finale, en sadwaande wa fan dy twa úteinlik de titel kulturele haadstêd fan Europa krije kin.

Tongersdei en freed moatte alle fiif kandidaten harsels presintearje foar in ynternasjonale sjuery yn Amsterdam. Oan de hân dêrfan en de al earder yntsjinne bidbooks wurdt bepaald hokker stêden trochgean. Neist Ljouwert dogge Maastricht, Eindhoven, Den Haach en Utrecht mei.

Trefwurden: 
KH2018 Siem Jansen ECoC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)