Opfarrenden skip ferstoarn

25 nov 2012 - 17:08
  • Opfarrenden skip ferstoarn
  • Harkje nei Peter Verburg fan it Kustwachtsintrum

Ien fan de beide manlju dy't snein yn de stoarm boppe Skylge oerboard sloech fan in Brits frachtskip, is ferstoarn. It Kustwachtsintrum giet derfan út dat ek de twadde man omkaam is. Hy koe noch net út it wetter helle wurde. De Kustwacht, de KNRM en twa helikopters hawwe oerenlang socht nei de beide manlju.

Ien fan de drinkelingen koe út it wetter helle wurde. Hy wie ferstoarn. De oare man koe net mear oppikt wurde, omdat de helikopter hast gjin brânstof mear hie. Moandei is besocht dy man út it wetter te heljen. Mar hy is net fûn.

De rêdingsboat fan Skiermûntseach moast snein mei pech wer weromkeare. De boat is moandei op Lauwerseach wer makke.

Trefwurden: 
Skylge oerboard
(advertinsje)