Man fan komplotteory hâldt op

Farske blommen by grêf Marianne Vaatstra © ANP
Wim Dankbaar dy't al jierren leaut yn komplotteoryen yn de saak Vaatstra, hâldt dermei op. Hy leaut dat Jasper S. ûnskuldich is en slachtoffer fan in komplotteory om de wiere dieders te beskermjen. Dankbaar betocht ek de flyeraksje, tige ta ûngenoegen fan de famylje Vaatstra, Peter R. de Vries en de advokaat fan Jasper S.
Dankbaar skriuwt dat er syn striid stake moat omdat er in gesin hat en útskolden en bedrige wurdt. Bauke Vaatstra lit witte dat er tige bliid mei dat beslút is.