De Jong njonggende op 3000 m.

25 nov 2012 - 15:57

Antoinette de Jong fan Rottum is snein njoggende wurden op de 3000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Kolomna. De Jong ried mei 4.07.02 in pr. De winst op de 3000 meter gong ferrassend nei de Dútse Claudia Pechstein. Mei in winnende tiid fan 4.02.31 pakte de 40-jierrige rydster har 29e WB-oerwinning. It is boppedat in rekôr, noch nea earder wist in rydster op dizze leeftyd in yndividuele ôfstan op har namme te skriuwen.

It sulver wie foar de grutte favoryt Martina Sábliková, dy't 4.02.46 klokte. Marije Joling pakte it brûns (4.03.90).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)