Italiaanse ferrast yn Tilburch

Lollobrigada, maratonriden, Tilburch, KPN maraton Cup © awfoto.nl
As earste Italiaanske maratonrydster hat Francesca Lollobrigida sneontejûn in oerwinning pakt yn de KPN Maraton Cup. Yn Tilburch soarge Lollobrigida foar in primeur troch yn de einsprint Maria Sterk fan Hallum en Rixt Meijer fan It Hearrenfean foar te bliuwen. Al in pear kear earder mocht de Italiaanse plaknimme op it poadium, mar noch nea beklom hja de heechste tree.
Rixt Meijer bliuwt mei 148 punten liedster yn it tuskenklassemint. Se hat 14 punten foarsprong op Maria Sterk.