Ark stellen yn Rinsumageast

25 nov 2012 - 15:09

De plysje ûndersiket in ynbraak yn in loads fan in bedriuw oan de dr. Ype Poortingawei yn Rinsumageast. De ynbraak moat west hawwe tusken freed- en sneintemoarn. De dieders binne it bedriuw binnenkommen troch in rút. Der binne ferskate soarten ark meinommen. De eigner, in 64-jierrige ynwenner fan Rinsumageast hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
ark Rinsumageast
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)