Fyfde winst follybalfroulju
De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn mei 3-0 wûn fan Eurosped. Yn Snits begongen beide ploegen skerp oan de wedstriid. Yn in lykopgeande striid pakten de froulju fan coach Petra Groenland de earste swierbefochten set mei 28-26. Ek de twadde set bleau spannend oant de ein, tsjûge de setstân fan 25-23. Doe wie it ferset by Eurosped brutsen en pakten de Snitser froulju de lêste set mei 25-13.
Nei twa kear ferlies op rige fan Weert en Sliedrecht wie de winst in moaie opstekker foar Snits, dat mei 16 punten út 8 wedstriden tredde stiet.
Trefwurden:
follybal