Twadde ferlies foar LDODK

De kuorballers fan LDODK AH/Gorredijk ha sneontejûn mei 29-18 ferlern fan DVO. Yn Bennekom begong de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool sûnder Sieta Bijker, dy't troch in rêchblessuere op de tribune plaknimme moast. Yn de earste helte holden beide ploegen inoar knap yn lykwicht. By rêst stie der in 12-10 stân op it boerd, yn it foardiel fan DVO.
Nei it skoft kaam LDODK skerp út de klaaihokken en bûgde de efterstân om yn in 13-14 foarsprong. Mei noch in kertier te gean wie de tank lykwols leech en koe DVO útrinne nei in romme oerwinning.
Sneon 1 desimber nimt LDODK it om 20.00 oere yn sporthal Koartsweach op tsjin Dalto. LDODK stiet mei 2 punten út 3 wedstriden op it 8e plak. Dalto folget op plak 9, mei 1 punt minder. Underoan stiet it noch puntleaze Deetos.
Mid-Fryslân ferlear foar de tredde kear op rige. Yn Grou waard mei 30-22 ferlern fan Wageningen.