V.d. Heide: Lang útskeakele

25 nov 2012 - 13:05

Cambuur spiler Marco van der Heide sil dit kalinderjier net mear yn aksje komme foar Cambuur. De middenfjilder rûn yn de wedstriid tsjin FC Dordrecht, begjin oktober, in swiere harsenskodding op. It like der earst op dat Van der Heide wer rap oanslute koe by de seleksje, mar dat falt swier ôf. Van der Heide hâldt in protte lêst en kin mar hiel licht traine. Yn oerlis mei de technyske en medyske stêf is no besletten om Van der Heide alle tiid te jaan foar folslein herstel. Dat betsjut dat hy oant de winterstop net oan spyljen takomme sil.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)