Konferinsje takomst doarpen

De gemeente Littenseradiel giet moandeitejûn mei organisaasjes en bewenners út de gemeente en fertsjintwurdigers fan omlizzende gemeenten om 'e tafel om te praten oer de takomst fan de doarpen yn de gemeente. Dit nei oanlieding fan it beslút fan wenningboukorporaasje Elkien, om werom te kommen op it beslút om nije wenten te bouwen yn Easterlittens. De gemeente freget him ôf wat de gefolgen foar dit en de oare doarpen wêze sille en hat dêrom in konferinsje opset yn de tsjerke fan Baaium.
Boargemaster Liemburg hopet op suggestjes en inisjativen fan it foarum en it publyk om de hieltyd mear fergriizjende doarpen leefber te hâlden. Elkenien dy't meiprate wol is wolkom.