Stoarmskea falt ta

De stoarm hat yn Fryslân net foar in soad oerlêst soarge. Op it Akkersplein op It Hearrenfean waaide sneintemoarn allegear boumateriaal lykas isolaasjemateriaal en bouplaten oer de dyk. Dat kaam fan in bouplak. Oan de Lauwerswei yn Feankleaster waaide in beam om.
Yn meardere strjitten yn Ljouwert binne dakplaten fan dakken ôfwaaid en op de dyk telâne kaam. Mar oer it algemien foel de skea ta.