Grutte bút by ynbraak

Ynbraak © Omrop Fryslân
By in ynbraak yn in wenning oan de Kalmoes yn Ljouwert is sneon foar tûzenen euro's oan guod stellen. De dieders namen ûnder oare in klûs, in laptop, in I-pad en sieraden mei.
De dieven kamen deryn troch de achterdoar te fernielen. Doe't de bewenner thúskaam, seach er dat alle kasten en laadsjes iepen stiene. Hy hat oanjefte dien by de plysje.